Feiling lito's Ritsko van Vliet

© Omrop Fryslân
Fjirtich lito's út de neilittenskip fan de Ljouwerter gûchelder Ritsko van Vliet komme yn april ûnder de feilinghammer. It giet om lito's fan fariëteeposters, de measten binne fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Van Vliet sammele sokke posters.
Foar syn dea yn 2001 ferkocht er al hûnderten affysjes oan it Teater Ynstitút yn Amsterdam. De 40 lito's wurde feild troch in bedriuw út Hoorn. Wat se wurdich binne, is net bekend.