Wieteke Cramer yn lêste rit

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer fan De Lemmer start freed by it EK Allround yn Thialf yn de lêste rit fan de 500 meter. Cramer rydt tsjin de Dútse Claudia Pechstein. Op de iepeningsdei freed ride de froulju allinnich de 500 meter, de manlju ride neist de 500 meter ek noch de 5 kilometer.
Wieteke Cramer is de iennichste Fryske dielnimmer oan dit Europeesk Kampioenskip. De wedstriden begjinne om 17.00 oere.