Hynstekeuring yn FEC

08 jan 2004 - 00:00

Hynsteleafhawwers út binnen- en bûtenlân binne nei it FEC yn Ljouwert kommen. Trije dagen, fan tongersdei oant en mei sneon, stiet it hynder sintraal foar de tradisjonele keuring. Mear as 180 bisten wurde kritysk besjoen. Tsien bliuwe oer. Se kinne dekhynst wurde.

De hynstewrâld is wol ta oan posityf nijs. It ôfrûne jier soarge it fallite hynstesintrum yn Drachten foar in soad ûnrêst. By it Hynstestamboek wie ek reboelje ûnder leden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)