Brân yn tattooshop Ljouwert

08 jan 2004 - 00:00

Tattooshop Karel oan de Tuinen yn Ljouwert is tongersdei hast ôfbaarnd. De eigner ûntduts it fjoer doe't er de saak iepenje woe. Koartsluting yn in âld-kuolkast yn it studintehûs boppe de saak wie oarsaak fan de brân.

It brânalarm gie pas doe't de brânwacht al dwaande wie de brân te blussen. De studint koe der krekt op tiid út. De tattooshop hat reekskea en is foarearst ticht om't de saak goed skjinmakke wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)