Monster Magnet op Wâldrock

08 jan 2004 - 00:00

De Amerikaanske band Monster Magnet komt op Wâldrock. Mei in mjuks fan klassike rock en psychedelia makket de groep al goed tsien jier furoare. Meikoarten bringe se in nij album út.

Earder wie al bekend makke dat Cradle of Filth, Testament en Cannibal Corpse dit jier yn Burgum spylje. Mei elkoar trede 14 bands op sneon 19 juny op ferdield oer twa poadia. Op it terrein is ek in skerm mei dêrop de wedstriid Nederlân tsjin Tsjechië.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)