Nije foarstellingen Baarderlân

08 jan 2004 - 00:00

It stik Baarderlân wurdt op 'e nij spile. It wurdt fan 20 jannewaris oant en mei 7 febrewaris yn it Tryatergebou yn Ljouwert opfierd. Akteur Romke Toering skreau it stik nei oanlieding fan de teloargong fan de feehannel.

Trije manlju dogge har ferhaal: âld fee-eksporteur Waling Dijkhuizen, feekeapman Sytse Hoekstra en skieppeboer Eelke Faber. Se besykje har steande te hâlden yn in feroarjende wrâld. It stik begjint om 20.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)