Bergjen gifkonteners wer útsteld

08 jan 2004 - 00:00

It bergjen fan de trije gifkonteners is woansdeitejûn wer útsteld. Neffens Rykswettersteat is it waar pas oer in wike goed genôch om fierder te gean.

De marine is begûn mei it sykjen nei de 63 losse giffetten dy't yn de Noardsee lizze. Steatssekretaris Schultz van Haegen hat de marine om stipe frege. Der komt gjin tydlik ynternasjonaal fiskferbod yn it part dêr't it skip by stoarm de fetten ferlear. Der is wol in negatyf fangstadvys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)