Hearrenfean: 750 nije sitplakken

© Omrop Fryslân
De earste sânhûndertfyftich sitplakken yn it Abe Lenstra-stadion binne klear foar de earste thúswedstriid fan fuotbalklub Hearrenfean nei de winterstop. Dat fertelde foarsitter Riemer van der Velder woansdei op de nijjiersgearkomste fan 'e OSSH, de ûndernimmerssoasjeteit fan Hearrenfean.
De ekstra stuollen komme goed fan pas, want de earste thúswedstriid op 28 jannewaris is tsjin Ajax. Yn it stadion komme meiinoar 26.000 sitplakken.