Evakuaasje nei bommelding H'fean

08 jan 2004 - 00:00

Tweintich omwenjenden fan winkelsintrum De Greiden op it Hearrenfean moasten yn de nacht fan woansdei op tongersdei oerenlang har hûs út fanwegen in bommelding. De bom soe lizze by de kafetaria. Undersyk wiisde út dat der yndied in fertocht pakketsje lei, en sadwaande kaam de eksplosiven oprommingstsjinst yn aksje.

Pas om trije oere nachts die bliken dat it falsk alarm wie en koene de bewenners werom nei har hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)