Cambuur - Jong Utrecht: 1 - 2

© Omrop Fryslân
Jong Utrecht, mei in soad A-junioaren, wie woansdei te sterk foar Cambuur. It waard 1-2 foar Utrecht troch goals fan Danny de Beer en Sergio Neszo. Gastspiler Henri Bakker rêde de eare foar Cambuur. It siet ek net mei, want nei tsien minuten ferlear Cambuur al Bernard Schuiteman mei in blessuere.
Cambuur nimt tongersdei in beslút oer it ferlingen fan 'e oefenstaazje fan Bakker. Kees Kwakman fan Volendam giet mei op trainingskamp nei Curaçao.