Molkwein slacht om

© Omrop Fryslân
De Tsjûkemarwei tusken Sint Nyk en Spannenburch wie woansdeitemiddei bedutsen mei molke. Oarsaak wie de oanhinger fan in tankwein dy't oer de kop slein wie. In grut part fan 'e molke rûn dêrnei yn 'e sleat.
Gjinien rekke ferwûne by it ûngelok. Hoe't it eins barre koe, is noch ûndúdlik. De molke is oerpompt yn in oare wein. Salang't dat duorre en by it bergjen fan 'e wein wie de wei ôfsletten foar it ferkear.