Avéro Achmea foar de rjochter

© Omrop Fryslân
Avéro Achmea moast tiisdei foar de rjochter yn Den Haag ferskine fanwege ûndúdlike hypoteken. Húseigners koene de oerwearde op har hûs yn in mistige belizzing stekke. It gie om de plannen Triple Plus en Plentium Trust.
It jild waard trochslúsd nei bankrekkens yn Switserlân en Florida en is dêr út it sicht ferdwûn. De dupearren hawwe har ferienige yn in stichting, dy't de rjochtsaak oanspande.