Sporteveneminten nei Drachten

07 jan 2004 - 00:00

Sportbedriuw Smellingerlân wol de kommende jierren in tal grutte sporteveneminten nei Drachten helje. De organisaasje dêrfan moat finansierd wurde út de opbringsten fan in nij kommersjeel sportbedriuw. Dit bedriuw is ferantwurdlik foar de hoareka yn swimbad De Welle, sporthal de Drait en it Drachtster sportsintrum.

De eksploitaasje fan de sporthal oan de Sportleane komt dêr ek by. Dêr komt in oerkape boarterstún en klimmuorre by.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)