Plan Makkum-Noard moat better

© Omrop Fryslân
Wûnseradiel moat dúdliker tekeningen meitsje fan de plannen foar Makkum- Noard. Dat is de miening fan wethâlder Boersma fan Wûnseradiel. Yn Makkum- Noard moat in nautysk bedriuweterrein en 60 nije huzen komme.
De tekeningen dy't de gemeente ferline jier nei de provinsje stjoerde, wiene net dúdlik genôch. Bepaalde stikken wetter moatte better oanjûn wurde, om't oars problemen mei it bestimmingsplan ûntstean kinne.