Wenje yn rekreaasjehuzen oanpakt

© Omrop Fryslân
Wûnseradiel pakt dit jier it permanint bewenjen fan rekreaasjehûzen oan. Dat hat in riedskommisje tiisdei besletten. It plan fan oanpak lei al klear, mar de gemeente wachte op útspraak fan de Ried fan Steate. Dy joech in oare gemeente gelyk by de oanpak fan it probleem.
Wûnseradiel lit in bedriuw no bewizen sykje foar it permanint bewenjen. Dêrnei wurde juridyske stappen nommen tsjin de eigners fan rekreaasjehûzen dy't der it hiele jier wenje.