Aksjegroep fan jonge politisy

06 jan 2004 - 00:00

Jong van Geest is in nije politike aksjegroep. In tal riedsleden út de Ljouwerter ried is de groep begûn. Riedslid Thea Koster (CDA) hat de lieding. Sy is al in skoft ûntefreden oer de wurkwize fan de ried.

Jong van Geest wol boargers by de polityk belûke troch iepenbiere gearkomsten te hâlden. Ek moatte de bestjoerders twongen wurde minder yn de achterkeammerkes te regeljen. Sa fine de leden fan de groep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)