Problemen mei Frysk lêzen

© Omrop Fryslân
Fjouwer op de tsien learlingen fan 'e basisskoalle kin net of mei muoite Frysk lêze. Mear as de helte tinkt negatyf oer Frysk lêzen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Fryske Akademy op achttjin skoallen.
Fraach wie hoe grut de ynfloed fan 'e taalnoarm op it begryp en de lêsnocht is. De 400 learlingen krigen trije teksten: mei in tradisjonele, in moderne en in tuskenlizzende taalnoarm. De moderne sloech it bêste oan.