Sjitpartij De Plankier oplost

© Omrop Fryslân
De fertochte fan 'e sjitpartij yn it Ljouwerter Kafee De Plankier fan 20 desimber ferline jier hat bekend. It giet om in 29-jierrige Albanees út Den Haach. De man wie ûnder ynfloed fan drank en harddrugs. Hy krige mei in oare man spul om in frou.
By de sjitpartij waard in 18-jierrige passante rekke troch twa kûgels. Njonken de man út Den Haach waarden ek noch in Ljouwerter (25) en in Rotterdammer (23) oanhâlden.