'Rotonde De Jouwer kin fuort'

05 jan 2004 - 00:00

De rotonde by De Jouwer kin op termyn ferdwine. Dat sei boargemaster Kuiper fan Skarsterlân moandei yn de nijjiers- taspraak. Kuiper fynt dat der net krampeftich opnij ynvestearrings dien wurde moatte om de trochstreaming fan it ferkear by de rotonde op te lossen.

De boargemaster wol dat der by de A7 foar De Jouwer in nije dyk komt, dy't op oanslút op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer. By De Jouwer kin dan in trochgeande dyk komme mei in ôfslach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)