Drachtster skûtsje freget stipe

© Omrop Fryslân
Om Drachten waarm rinne te litten foar it eigen SKS-skûtsje, is moandei De Twee Gebroeders foar it gemeentehûs delset. De kommisje fan it Drachtster skûtsje wol sa de goede resultaten fan it ôfrûne skûtsjeseizoen fersulverje.
Der moatte nammentlik mear stipers en sponsors komme, want it skûtsjesilen libbet te min yn Drachten. De kommisje grypt de nijjiersresepsje yn it gemeentehûs oan om omtinken foar it skûtsje te krijen.