Van Hall no ûnder Wageningen

© Omrop Fryslân
Nei trije jier fan tarieding sil it Van Hall ynstitút mei yngong fan tiisdei offisjeel ûnderdiel útmeitsje fan de Wageningen Universiteit. Van Hall hat 240 meiwurkers en 1850 studinten.
Omdat ek Larenstein yn Velp en Deventer ûnderbrocht wurdt yn de Wageningen Universiteit, ûntstiet no in skoalle mei hast 8550 studinten. Foar de studinten moatte nije mooglikheden ûntstean foar stúdzjes en staazje.