Fúzje PCBO-skoallen Ljouwert

© Omrop Fryslân
It protestants-kristlik basisûnderwiis yn Ljouwert giet fan moandei ôf fierder yn ien feriening: PCBO Leeuwarden. De feriening komt fuort út de twa PCBO's dy't Ljouwert earder hie: PCBO Ljouwert en Wurdum en PCBO Ljouwert-Súd.
Beide ferienings binne fan begjin 1900. Der is meardere kearen besocht te fusearjen. Dat slagge net om't de ferienings har selsstannichheid net opjaan woene. De nije feriening hat 10 skoallen mei 12 lokaasjes.