Mear toeristen op Waadeilannen

05 jan 2004 - 00:00

De Fryske Waadeilannen hawwe dit jier mear toeristen lutsen yn ferliking mei it jier dêrfoar, útsein Skylge. Doeksen ferfierde 2% minder toeristen nei Skylge en 2% mear nei Flylân.

Foar It Amelân en Skiermûntseach binne de sifers omheechgien, sa meldt rederij Wagenborg. It Amelân hie 2% mear gasten yn 2003, Skiermûntseach mar leafst 3%. It Amelân en Skiermûntseach soene populêrder wêze fanwege de koartere oertocht en it goedkeapere boatkaartsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)