Nije spilers by Cambuur

© Omrop Fryslân
Stephan van Hoving spilet per direkt foar Cambuur Ljouwert. De club hiert de 20-jierrige ferdigener fan SC Hearrenfean foar ien seizoen. Dêrnei kriget er in ienjierrich kontrakt.
Cambuur hat boppedat trije spilers op proef. Dat binne Kees Kwakman, in ferdigener fan Volendam, Henri Bakker, spits fan sneinshaadklasser Omniworld en Andrew Gregor, linkermiddenfjilder út de Amerikaanske profformaasje Seattle Sounders.