Goed jier foar De Friesland

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland hat yn 2003 goed buorke. It foarlopich risseltaat oer it ôfrûne jier wûrdt rûsd op 4,3 miljoen euro. Der is op it stuit in konkurrinsjestriid ûnder soarchfersekerders. De Friesland kin him dêr goed yn steande hâlde. It tal fersekerden is groeid oant 390.000.
De Friesland wol noch mear groeie, en dan yn hiel Noard-Nederlân. Yn 2005 hopet it bedriuw goed 400.000 fersekerden te hawwen.