Needopfang ekstra iepen

05 jan 2004 - 00:00

Dakleazen koene it ôfrûne wykein te lâne by de needopfang yn Ljouwert. Yn ferbân mei de kjeld wiene nachts ekstra bêden beskikber sadat net ien op strjitte hoegde te sliepen. De opfang wie regele troch De Terp. Alle jierren by froast soargje se foar ekstra iten, drinken en opfangplakken.

By wize fan útsûndering wie de deiopfang oan de Sudergrêfstwâl sneontemiddei 4 oeren lang iepen. Dêr waard in soad gebrûk fan makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)