Ungemak troch oerstekkend bist

05 jan 2004 - 00:00

Twa ynwenners fan Aldeberkeap binne sneintejûn ferwûne rekke by in auto-ûngemak yn Noardwâlde. De 20-jierrige bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt om't in bist de dyk oerstuts. Hy ried tsjin in beam en rekke ferwûne oan 'e earm. De 19-jierrige passazjier hie muoite mei it sykheljen.

Beide ynsittenden binne nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht. De auto wie total-loss en is fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)