Berging konteners wer útsteld

05 jan 2004 - 00:00

It bergjen fan 'e fergifkonteners yn 'e Noardsee is moandei wer útsteld. It wurk wie dit wykein stillein om't der te folle dining stie. Sneontejûn wiene de bergers foar it earst út ein set mei it nei boppen heljen fan 'e fetten mei arseepentokside.

De skippen binne by in stoarm oerboard slein, benoarden Flylân. Miljeuorganisaasjes warskôgje foar in grutte ramp as de fetten lekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)