Nijenhuis tredde op NK sprint

04 jan 2004 - 00:00

Erben Wennemars is snein nasjonaal sprintkampioen wurden. Hy wûn de 500 en 1000 meter. Op beide ôfstannen wie er rapper as Gerard van Velde. Beorn Nijenhuis waard tred op de kilometer. Yn it algemien klassemint eindige Nijenhuis as tredde.

Jan Bos foel bûten de boat. De wrâldkampioen sprint fan 1998 koe him net by de bêste fjouwer pleatse en mist dêrtroch it WK dat letter dizze moanne yn Japan hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)