Jeroen de Vries tredde yn Thialf

04 jan 2004 - 00:00

De Frânsman Cedric Michaud hat snein de trettjinde maraton yn de KNSB/Essent kompetysje wûn. Lange tiid like it derop dat Henk Angenent syn twadde oerwinning dit seizoen helje soe. Mar flak foar de streek waard er ferslein troch Michaud dy't as bêste sprinte yn Thialf op It Hearrenfean út in kopgroep fan 21 reedriders.

Klassemintslieder Jan Maarten Heideman waard twadde. Jeroen de Vries út Sint Nyk einige as tredde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)