Barsom giet werom nei Sweden

© Omrop Fryslân
Fuotballer Abgar Barsom (26) giet werom nei Sweden. De middenfjilder sil spylje by Djurgården, de klub dêr't er earder ek foar útkaam. Barsom spile oant oktober foar SC Hearrenfean. De Fryske klub woe fan him ôf nei't er hurd úthelle hie nei trener Foppe de Haan. Dy soe Barsom net opstelle om't er wegere syn hier ôf te knippen.
Barsom gie in jier lyn mei spul by Djurgården yn Stockholm wei. Syn kontraktbreuk fan doe is him no ferjûn.