Grimbergen fjirde yn Haarlem

04 jan 2004 - 00:00

Danielle Bekkering hat sneon yn Haarlem de maraton wûn. It wie de tsiende wedstriid yn de KNSB/Essent-kompetysje. It wie de fjirde oerwinning dit seizoen foar de rydster út Den Ham. Linda Verdouw út Oudewater waard twad. Se liedt it klassemint. Miranda van der Haring út Zeewolde waard tredde.

Petra Grimbergen fan It Hearrenfean waard fjirde. Yn it klassemint stiet se twad. Maria Sterk út Hallum kaam as fyfde oer de streek yn Haarlem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)