De Vries njoggende yn Haarlem

© Omrop Fryslân
De maraton op it keunstiis fan Haarlem is sneon wûn troch Kurt Wubben út Pijnacker. Twadde waard de Frânsman Cédric Michaud, tredde wie Jan Maarten Heideman út Oldebroek. Peter de Vries fan It Hearrenfean wie mei in njoggende plak de bêste Fries.
De maraton yn Haarlem wie de tolfde wedstriid yn de kompetysje om de KNSB/ Essent Cup. Yn it algemien klassemint liedt Heideman. Jeroen de Vries fan Sint Nyk stiet fjirde.