Nijenhuis en Thomas op koers

03 jan 2004 - 00:00

By it NK sprint stiet reedrider Beorn Nijenhuis nei de earste dei op it fjirde plak. Dat plak jout rjocht op dielname oan it WK sprint. Nijenhuis waard fyfde op de 500 meter en stelde op syn sterke 1000 meter wat teloar mei in fjirde plak. Wennemars is earste.

By de froulju giet Timmer ûnbedrige oan de lieding. Annamarie Thomas waard twadde op de 1000 meter en stiet tredde. Marieke Wijsman is no fyfde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)