De Terp faker iepen

© Omrop Fryslân
De dei- en nachtopfang fan stifting De Terp yn Ljouwert is mei it froastige waar ekstra faak iepen. Gewoanwei is de opfang yn it wykein oerdeis net iepen, mar as it hurder friest as 3 graden set De Terp de doarren iepen.
Der is dan foar in pear oerkes waarmte in soad flecht op 'e koai en dat jildt ek foar de nachtopfang. De dakleaze-opfang fan De Terp sit oan de Súdergrêftswâl yn Ljouwert.