Drachtster skûtsje te pronk

03 jan 2004 - 00:00

De Drachtsters ha fierstente min belangstelling foar har eigen skûtsje. En dat moat dit jier feroarje, sa fynt it bestjoer fan It Drachtster Skûtsje. Dêrom wurdt it skip De Twee Gebroeders dit wykein út it wetter helle en nei it gemeentehûs fan Drachten brocht.

Dêr sil it trije dagen te pronk stean. Sneon waard it skûtsje fan dik 30 ton út it wetter fan de Bûtensfallaat by Drachten optakele. It skûtsje helle ferline jier in tredde plak by de SKS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)