Ferhuzing Wetterskip op skema

© Omrop Fryslân
De ferhuzing fan Wetterskip Fryslân, fan njoggen nei fjouwer kantoaren, ferrint neffens plan. In grut diel fan it personiel fan Wetterskip Fryslân kin moandei op har nije wurkplak terjochte. Fan 20 desimber ôf is der sa'n 1200 kuub guod fan de meiwurkers ferhuze.
It wie de bedoeling om op de earste wurkdei fan 2004 klear te wêzen en dat slagget. Moandei hat it personiel earst in nijjiersbyienkomst yn de Lawei yn Drachten.