Brân troch ljochtkûgel yn Mullum

02 jan 2004 - 00:00

In ferdwaalde ljochtkûgel hat op nijjiersdei betiid foar miljoeneskea soarge by orchideeë-kwekerij Drijfhout yn Mullum. De kûgel feroarsake brân yn ien fan de kassen. Sa'n 350.000 orchideeën binne yn flammen opgien.

De ljochtkûgel fleach troch it dak fan de kas. It skermdoek dat tsjin it dak oanhinget fette dêrtroch flam. De brânwacht hat mear as twa oeren dwaande west om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)