HOS siket nije studiorûmte

02 jan 2004 - 00:00

De lokale omrop op It Hearrenfean, HOS, is hurd op syk nei jild en studiorûmte. De omropstifting krijt gjin subsydzje mear fan de gemeente, mar wol dochs besykje troch te gean.

Haadredakteur Jan de Vries fan de HOS besiket mei man en macht nije studiorûmte te finen, want it hjoeddeistige gebou oan de Dracht is eigendom fan de gemeente. It gebou moat foar 1 febrewaris leech wêze. De Vries wol ek mear gearwurkje mei ferienings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)