Unrêst oer bydrage thússoarch

02 jan 2004 - 00:00

Under minsken dy't help nedich ha fan in thússoarchynstelling is grutte ûnrêst ûntstien. De eigen bydrage foar de help is fan tongersdei ôf bot omheech gien. Dochs ropt Thússoarch De Friese Wouden yn Drachten de klanten op om foaral net dy help op te sizzen.

De eigen bydrage yn 'e oere giet fan 4,60 nei 11,80 euro. Neffens De Friese Wouden jildt dat net foar alle klanten. De organisaasje sil de klanten dêr ynkoarten per brief oer ynformearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)