Hofstra ôfset foar Embassy

02 jan 2004 - 00:00

Darter Rick Hofstra út Snits is ôfset nei Ingelân foar it Embassy Toernoai. Hy is de earste Fries dy't ea oan dit presizjeuze toernoai meidocht. It evenemenint wurdt hâlden yn Firmley Green, besuden Londen en it begjint sneon.

Hofstra hoecht pas moandei foar it earst yn aksje te kommen. De Ingelsman Mervyn King is syn tsjinstanner. Dy ferlear ferline jier yn 'e finale fan Raymond van Barneveld út Den Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)