Brutsen noas om smokerij
Yn 'e trein fan Ljouwert nei Zwolle wie Nijjiersdei in wier smookynsidint. Dêrby rûn in man (22) út IJmuiden in brutsen noas op. Hy hie in 60-jierrige koepeegenoat oansprutsen op syn smoken. Dy waard sa lilk dat er de IJmuidenaar in fikse snútslach joech.
Trije freonen fan de IJmuidenaar bemuoiden harren dermei en der ûntstie in fjochtpartij. Op it stasjon fan Zwolle binne de smoker en de freonen oanhâlden. Se sitte noch fêst.