Ferskate âldjiersfiten

© Omrop Fryslân
De nije aldjiersploech fan Aldeboarn hat mei de jierwiksel de plaknambuorden fan it doarp ferfongen troch dy fan Grou. Dêrmei wolle se mear omtinken freegje fan it haadplak fan de gemeente.
Aldjiersploech Vesuvius fan Elslo hat dit jier in nammebuordsje fan advokatekantoar Anker en Anker stellen. Twa jier lyn stiel de ploech it byld fan Rinus Michels. In grutte DE-kop út De Jouwer dûkte op yn Aldeberkeap. Ferantwurdlik wie ploech De Geitefok.