Ramkreak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Unbekenden ha op nijjiersdei, oan it begjin fan de middei, in ramkreak pleegd by Mulder Kantoorbenodigdheden yn Ljouwert. By de winkel oan de Heliconwei waard mei in auto nei binnenriden.
De gaos wie grut en de skea wurdt rûsd op tsientûzenen euro's. De dieders ha in pear kompjûterûnderdielen stellen. De plysje is noch dwaande mei in ûndersyk en siket ek noch nei tsjûgen.