Soad animo foar Nijjiersdûken

© Omrop Fryslân
Mear as trijehûndert minsken ha de moed hân it iiskâlde wetter yn te dûken. Op ferskate plakken wie in tradisjonele Nijjiersdûk. Op Skylge wie it wetter 3,5 graad wienen der 100 dielnimmers. Op Flylân tachtich. By Hylpen gienen santich minsken de Iselmar yn. It wetter wie dêr om it friespunt hinne.
Ek yn Boerum, Ljouwert, Tytsjerk en Aldegea (Wymbritseradiel) wienen Nijjiersdûken. Op guon plakken moast earst in laachje iis fuorttikke wurde.