Rêstige jierwiksel yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De jierwiksel is yn Fryslân rêstich ferrûn. Neffens de plysje wie it te ferlykjen mei in drokke sneontejûn. Der binne tweintich minsken oanhâlden foar fernielerij, brân en mishanneling.
De sikehûzen ha it net al te drok hân mei fjoerwurkslachtoffers. Yn Drachten moasten njoggen minsken behannele wurde. Sikehûs MCL yn Ljouwert hat it yn jierren net sa rêstich hân as dit jier. Der kaam mar ien pasjint binnen. Net ien wie der slim oan ta.