Feest yn Nijehoarne

01 jan 2004 - 00:00

Nijehoarne hat in rêstige jierwiksel hân. It feest yn it doarpshûs wie in grut sukses. Neffens Westra fan doarpsbelang wienen der 400 besikers. Under har wienen ek de relskoppers fan ferline jier. Doe rûn Aldjier út de hân. Jeugd krige spul mei plysje en brânwacht. Goed 20 mannen binne derfoar yn septimber feroardiele.

It feest hat sa goed foldien dat it doarpsbelang ein dit jier mooglik wer soks organisearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)