Lûde knallen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Karbidsjitten is in tradysje op Aldjiersdei. Want wat is der moaier om legaal ien dei yn it jier sa lûd mooglik te knallen. Yn ferskate plakken yn Fryslân wie it knallende lûd fan de molkbus te hearren.
Yn Ie, Wûns en Drachten fleagen de lidden fan de bussen in ein fuort nei't it karbid ferwaarme waard. Is it keapjen en ôfstekken fan fjoerwurk hieltyd mear oan regels bûn, it karbidsjitten bart sûnder fergunningen.