Wer maraton piratestjoerders

© Omrop Fryslân
De jierlikse maratonútstjoering fan de ferskate piratestjoerders is wer goed beteard. Twa wike lang ha se non-stop oan it draaien west. De Vrije Piraten fan Kollumersweach moasten wol in kear ferhúzje om't de kontrôletsjinst se op it spoar wie, mar se bliuwe yn 'e loft.
Nei fjouwer dagen krigen de Vrije Piraten de plysje op besite. Foar elke dei dy't se noch útstjoerden, riskearje se in twangsom dy't oprinne kin nei 70.000 euro. Mar se sette troch.