Fetten ha gif lekt

31 des 2003 - 00:00

Der is dochs gif lekt fan it skip dat oardel wike lyn in tal konteners en fetten ferlear op de Noardsee. By ynspeksje fan it skip binne woansdei 50 lege fetten fûn.

Neffens Stichting De Noordzee betsjut dat dat der 5000 liter arseenpentokside yn see telâne kommen is. Net bekend is wêr't it gif oerboard slein is. De Stichting wol in negatyf fangstadvys foar fiskers. Neffens Rykswettersteat fertinnet it gif gau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)